Jongerein helpt plysje by oanpak kriminaliteit

Sa'n 40 jongeren fan ûnder oare it Comenius yn Ljouwert, ROC Friese Poort en it Drachtster Lyseum stypje de plysje Noard-Nederlân by de oanpak fan kriminaliteit. Fia de pilot 'Teenage Crimefighters' wol de plysje fan jongerein tusken de 16 en 18 jier leare hoe't dy har yn de digitale wrâld bewege. De jongerein krijt ynsidinten foarlein wêrby't de plysje witte wol hoe't sy dat mei help fan nije media oplosse soene. De earste saak dêr't se nei sjogge, is dy fan it besykjen ta moard op Clafis-direkteur Bert Jonker.
Bert Jonker waard begjin jannewaris besketten op it parkearterrein by Thialf op It Hearrenfean. Neffens de plysje krije de learlingen gjin ynsicht yn ûndersyksgegevens.
Pilot
Ferline jier hat in ferkennend ûndersyk west nei de mooglikheden om jongerein yn te skeakeljen. It lektoraat Cybersafety fan NHL Hogeschool en de plysje-akademy brochten yn kaart op watfoar mêd de ynset mooglik en winsklik is. Nei dizze ferkenning is no de pilot opstart dy't oant en mei juny duorret. Dêrnei folget in evaluaasje.
Social media
Max Daniel fan de plysje Noard-Nederlân seit dat de jeugd wat taheakje kin oan de kennis fan digitale resjersjeurs. "De jeugd gaat echter anders om met internet en social media. Je ziet in dat gebruik al verschillen tussen jongeren van 15 en zeg 20. Ik wil graag weten waar zij bijvoorbeeld hun informatie over een misdrijf kunnen vinden."
Plysjeminsken en de jongerein treffe elkoar op in spesjaal ûntwikkele digitaal platfoarm en byienkomsten.