Treinsteuring tusken Ljouwert en Snits

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De treinen tusken Ljouwert en Snits ride tiisdeitemoarn net fanwege in sein- en wikselsteuring. Passazjiers wurde mei bussen ferfierd. De ekstra reistiid is in healoere oant in oere. Nei alle gedachten is de steuring om in oere as 13.00 wer ferholpen.
UPDATE: De sein- en wikselsteuring op it spoar tusken Ljouwert en Snits is foarby. Tsjin 13.30 oere pakten de treinen de gewoane tsjinstregeling wer op. De steuring begûn 10.30 oere, wêrtroch't de treinen útfoelen.