Koereur Folkertsma posityf oer tariedings wedstriid Ingelân

"Myn tariedings foar de wedstriden yn Ingelân komme net yn gefaar." Dat sei motorkoereur Bertus Folkertsma moandei tsjin Omrop Fryslân Radio. De koureur út Tzummearum rekke snein swierferwûne by in ûngelok op it Racing Expo yn it WTC Expo yn Ljouwert.
"By it oanremjen haw ik sûnder dat ik it yn de gaten hie, te fûl yn de foarrem knypt en doe klapte ik mei de holle op it asfalt." Folkertsma leit mei njoggen stikkene ribben, in kniesde long en in harsenskodding yn it MCL yn Ljouwert. Hy hie ek noch in ynklapte long.
Folkertsma jout himsels seis wiken de tiid om wer better te wurden. "It giet goed. Ik haw net folle pine. De medikaasje slacht goed oan. Miskien kin ik moarn al ôfbouwe."
De wedstriid yn Ingelân is fan 't simmer yn augustus. Yn maart is de earste moeting. Folkertsma ferwachtet dat er dêr wol hinne kin.