Alma-Tadema-útstalling ekstra lang iepen

De útstalling 'Alma-Tadema, Klassieke Verleiding' yn it Fries Museum is fan 'e wike ekstra lang iepen. Fan woansdei oant en mei snein hat it museum de doarren ek iepen tusken 17:00 en 19:00 oere. Wol moatte alle besikers harren dêr online foar oanmelde, dus ek wa't mei in frijkaart nei it museum komt.
De útstalling is de lêste wike yn gien. Foar de reguliere iepeningstiden wiene de kaarten online al útferkocht. De útstalling kin net ferlinge wurde om't de kolleksje nei Wenen en dêrnei nei Londen giet.