Undernimmers optimistysker: mear banen

It giet wer better mei Fryske ûndernimmers. Dy doare mear te ynvestearjen en der wurde ek wer mear minsken oannaam. Dat seit Sjoerd Galema, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.
Neffens sifers fan it UWV hawwe bedriuwen wer mear ferlet fan minsken. Yn hiel Nederlân binne dit jier hast in miljoen fakatueres. Yn Fryslân giet it net sa hurd as yn de Rânestêd, mar dochs giet it neffens Galema de goede kant op. "Der sit wer optimisme yn 'e merk. De ekonomyske krisis is hjir foarby oan it gean."
Galema begûn trije jier ferlyn by VNO-NCW. Doe wie de situaasje hiel oars. "Trije jier lyn wie it gemoed min ûnder Fryske ûndernimmers."
It tal fakatueres rint yn Fryslân no ek op yn sektoaren as de ict, de bou en de soarch is in soad ferlet fan minsken. Mar net elkenien kin oan de easken fan de fakatuere foldwaan. "Der is net altyd in goede match tusken wat der op de arbeidsmerk beskikber is en wêr't ûndernimmers nei freegje", fertelt Galema.
Neffens de lanlike sifers fan it UWV sil it tal fakatueres dit jier oprinne ta 965.000. Dat is hast likefolle as krekt foar de ekonomyske krisis.