Motorkoereur Bertus Folkertsma rekket swierferwûne

Motorkoereur Bertus Folkertsma fan Tsjummearum is sneintemiddei swierferwûne rekke by in demonstraasje yn it WTC Expo yn Ljouwert. Hy leit yn it sikehûs mei acht brutsen ribben, in klaplong en in kniesde long. Nei omstannichheden makket er it goed.
Folkertsma die mei oan racedemonstraasjes by de Racing Expo yn it WTC. Hy ried mei yn in kopgroep doe't er yn de tredde bocht derôf fleach. Hy is efkes út de tiid rekke en doe nei it sikehûs brocht. Dêr leit er op de intensive care. Hy ferwachtet dat er moandei werom kin nei in gewoane keamer.
It herstel sil mooglik seis wiken duorje. Folkertsma sit yn syn tarieding om takom jier mei te dwaan oan de swiere TT op Isle of Man foar de Britske kust. Dêrfoar moat er him kommend seizoen kwalifisearje troch yn Europa strjitraces te riden. Hy ferwachtet net dat dit no yn gefaar komt.