A7 healoere lang ticht troch meardere ûngelokken

Troch meardere auto-ûngelokken is de A7 tusken It Hearrenfean en Grins sneintemiddei in healoere lang ticht west ter hichte fan De Tynje. Earst botsten trije of fjouwer auto's opinoar. Yn de file dy't dêrtroch ûntstie, kamen nochris meardere auto's mei mekoar yn oanriding.
De dyk wie hielendal ôfsletten. Ferkear yn de rjochting fan Grins moast omride oer Ljouwert. Krekt nei healwei fjouweren stie der in file fan 7 kilometer. Om fjouwer oere hinne waard de dyk wer frijjûn.