Oermachtich ONS ferpletteret VVOG mei 6-0

ONS Boso Snits hat sneon mei oermacht wûn fan VVOG. De Snitsers ferpletteren harren tsjinstanner út Harderwyk mei 6-0. Yn de 10e minút skeat Ale de Boer de bal achter de keeper fan VVOG en wie it 1-0. Yn de 11e minút makke Yume Ramos de 2 -0. En yn de 13e minút strafte Renco van Eeken gegriem fan de ferdigening fan VVOG ôf troch de 3-0 yn te sjitten.
Nei rêst gie ONS gewoan wer fierder mei skoaren. Yume Ramos makke yn de 61e minút de 4-0 en yn de 69ste minút de 5-0. Yn de 85ste minút waard it ek noch 6-0 troch Fabian Stevens.