Iepening Thialf: "We meitsje der in hiele moaie dei fan"

It fernijde Thialf op It Hearrenfean wurdt freedtemiddei offisjeel iepene en se binne der hielendal klear foar. "Alles is klear en we meitsje der mei elkoar in hiele moaie dei fan", sa seit Aletta van de Haar fan de organisaasje. De earste gasten wurde oan de ein fan de moarn ferwachte, mar de earegast kening Willem-Alexander is der om 14.00 oere. Wie it fyftich jier lyn prinses Christina dy't it nije Thialf iepene, no komt de kening sels foar de offisjele iepening.
Kening op redens?
Kening Willem-Alexander is in sportive fint, mar it is net ôfpraten dat er de redens ûnderbine sil. "Mar je witte it noait mei it keninklik hús, soms komme se mei ferrassende optredens, dus wa wit, hat er de redens dochs mei." By de iepening fan it oerdekte Thialf yn 1986 hat Willem-Alexander wol op redens stien, doe mei Hein Vergeer en Yvonne van Gennip. Alette van de Haar foarmet mei twa kollega's it hert fan de organisaasje: "Wy sille net persoanlik mei de kening yn petear, mar der is wol in momint ynpland dat er ús even betanke sil, dus dat is wol hiel leuk."
Fryske bocht
Thialf hat sa stadichoan in ferneamde bocht, de Fryske bocht. "We hawwe in oprop dien om dy bocht op dizze dei sa fol mooglik te krijen en dat liket goed te slagjen. We hawwe al hast tûzen oanmeldingen fan minsken dy't komme om de sfear yn de Fryske bocht del te setten." It publyk krijt dêrby muzikale stipe fan blaaskapel 'De Utlopers' fan Snits.
De Tsien fan Thialf
Troch de jierren hinne binne der hiel wat minsken dy't op ien of oare wize fan grut belang west hawwe foar de baan, lykas riders, iismasters en frijwilligers. Sy wurde yn it nije Thialf eare brocht yn de foarm fan tsien grutte foto's, elk passende by in tema. By dy tsien sitte ûnder oaren riders as Tonny de Jong, Rintje Ritsma, Anni Friesinger, Sven Kramer, Ireen Wüst en iismaster Beert Boomsma. "De Tsien fan Thialf sjogge der echt hiel prachtich út, echt in blikfanger yn it nije stadion."
Keninklik rûntsje Thialf
"De kening en ús gasten krije earst in prachtige show te sjen, miskien sa grut net as in iepening fan bygelyks de Olympyske Spelen, mar wol mei spektakel yn byld, lûd en ljocht." De offisjele iepening bestiet út it startskot dat de kening jout foar in shorttrackwedstriid. Dêrnei makket er in rûntsje troch de romten fan de atleten en oer de baan en dan fansels by de Fryske bocht del. Om 15.30 oere is it offisjele part dien en begjinne de gewoane trainingen fan de toppers en de talinten út it gewest Fryslân. En neffens Aletta bliuwt it dêrnei grif noch lang gesellich op Thialf.