Wierumers kinne kieze út fjouwer strânfarianten
Ynwenners fan Wierum kinne ynkoarten mei in enkête kieze tusken fjouwer ferskillende farianten op de komst fan in strân, pier en de pôlen (kwelder). En dan noch leit noch lang net alles fêst. Op de pier soe bygelyks in swimbad komme kinne, dat folrint as it floed is.
Yn it doarp binne se al in skofke dwaande mei plannen dy't de leefberens fersterkje moatte. Der hoege net direkt kloften toeristen op ôf te kommen, al binne dy fansels wol wolkom. It moat foaral foar de eigen regio wat ekstra's opsmite.
It projekt Sense of Place fan Skylger Joop Mulder heakket ek oan by de plannen. Fersate oerheden wurkje al mei. Sa soe it wetterskip sân leverje kinne dat oerbliuwt fan wurk by Fiifhuzen. Fierders is der in nije evenimint betocht yn it ramt fan Ljouwert 2018: in Waadolympiade wêrby't sport wurdt op it slyk, bygelyks slykslydzjen of slykfollybaljen.