Aggie Walsma wint 1000 meter op Weissensee

Aggie Walsma fan Boalsert op de Weissensee © Tims Imaging
Reedrydster Aggie Walsma fan Boalsert hat op de Weissensee yn Eastenryk de 1000 meter wûn. Birgit Witte út Almere waard twadde op it natueriis. It tredde plak wie foar Roza Blokker út Zaandijk. Nei twa dagen mei in protte sinneskynwaar op de Weissensee, wie it tongersdei glûpende kâld mei in bytsje snie.
By de manlju wie der súkses foar Crispijn Ariëns út Wolvegea. Frank Vreugdenhil út Eldersloo waard twadde, en Robert Bovenhuis fan Zwolle tredde. No sneon is it iepen Nederlânsk kampioenskip 100 kilometer op de Weissensee.