'De Vier Jaargetijden' yn poppoadium Neushoorn

Neushoorn © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It Noord Nederlands Orkest sil op 1 febrewaris De Vier Jaargetijden fan de 18e-iuwske komponist Vivaldi spylje yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn. Mei it optreden wolle Neushoorn en it orkest sjen litte dat popkultuer en klassike muzyk in goede kombinaasje wêze kinne. It optreden yn de grutte seal sil dan ek oanfiele as in popkonsert, seit de organisaasje.