Automobilist botst op fiadukt op de Sintrale As

© De Vries Media
In autobestjoerder is woansdeitejûn ferwûne rekke doe't er op de Sintrale As de macht oer it stjoer kwytrekke. Dit barde by Damwâld, krekt foar it fiadukt ûnder de Doniawei troch.
De bestjoerder knalde troch noch ûnbekende oarsaak op de muorre fan it fiadukt en moast troch ambulânsepersoniel neisjoen wurde. De auto rekke swier skansearre en moast fuortsleept wurde troch in berger.