Gemeente: "Kinne neat mear dwaan foar skieppehoeder"

Sam Westra en syn keppel skiep
Der is neat mear te dwaan oan de oanbesteging fan de nije skieppehoeder yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert. Dat skriuwt it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert yn reaksje op fragen fan de PvdA-fraksje. It kontrakt fan Sam Westra, de hjoeddeiske hoeder, koe net ferlinge wurde.
Dêrom waard der in nije oanbesteging útskreaun troch de gemeente. Dêrby waard de priis-kwaliteitsferhâlding fan de ferskate gadingmakkers mei-inoar fergelike. De nije skieppehoeder kaam dêrby better út de bus as Sam Westra.
De proseduere hat neffens b. en w. soarchfâldich west. Westra hat neffens it kolleezje direkt nei de oanbesteging help oanbean krigen om in nij ûnderkommen te finen foar syn keppel skiep