Bilkerts komme mei petysje foar erkenning Biltske taal

De Bilkerts komme op 'e nij yn aksje foar de erkenning fan de Biltske taal. De Bilkerts wolle yn febrewaris de Twadde Keamer yn in petysje freegje om dy taal offisjeel te erkennen. Fia hûs-oan-hûskrante de Bildtse Post krigen woansdei alle Bilkerts it fersyk om har hantekening ûnder de petysje te setten.
Der stiet in petysje yn de krante, mar de petysje kin ek on-line tekene wurde en yn it Biltsk dokumintaasjesintrum yn Sint-Anne.
Mingtaal
De gemeente It Bilt frege begjin ferline jier oan minister Plasterk fan Ynlânske saken om it Biltsk te erkennen. Plasterk wiisde dat advys yn desimber ôf op basis fan in negatyf advys fan de Nederlânske Taalunie. Plasterk liet de gemeente yn syn brief witte dat it Biltsk gjin taal, mar in dialekt is. Plasterk is dêrmei mis, fynt Stichting Bildts Aigene. "'t Bildts is gyn Frys, gyn Nederlâns, maar 'n mingtaal met aigen idioom en woordeskat." Ek neffens in wittenskiplik artikel fan de Fryske Akademy is it Biltsk in mingtaal. De Akademy hat dêrmei in hiel oare fyzje as de Nederlânske Taalunie.
Erkenning
De Bilkerts wolle de erkinning fan de taal graach dit jier regelje, omdat de gemeente It Bilt op 1 jannewaris 2018 opgiet yn de nije gemeente Waadhoeke. De Bilkerts binne fan dat momint ôf mar in lytse minderheid yn eigen gemeente. Offisjele erkenning fan de taal yn it Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa soe derfoar soargje moatte dat it Biltsk ek yn de nije gemeente goed beskerme wurdt en dat saken as Biltske les op skoalle gewoan trochgean kinne.
Petysje
Nederlân hat yn it Hânfêst njonken it Frysk ek it Nedersaksysk en it Limboarchsk erkend. It Nedersaksysk (Stellingwerfsk, Grinslânsk, Drintsk en Twintsk) en it Limboarchsk binne offisjeel erkend as beskerme streektaal, it Frysk as twadde nasjonale taal. De Bilkerts stribje no nei deselde erkenning dy't de Nedersaksen hawwe. Wannear't de Bilkerts krekt nei De Haach geane om de petysje oan te bieden is noch net bekend, dat hinget fan de aginda fan de Twadde Keamer ôf.
De earste reaksjes op de petysje fan Stichting Bildts Aigene binne posityf. In soad Bilkerts kinne it wol wurdearje dat de Biltse organisaasjes it der nei de ôfwizing fan Plasterk net by sitte litte. Doe't de aksje noch mar krekt los wie, waarden by it Bildts dokumentasiesintrum de earste hantekens set.