Maria van de Schepop is de nije presidint fan de rjochtbank

Maria van de Schepop © rechtspraak.nl
Maria van de Schepop is mei yngong fan 1 april de nije presidint fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Se is troch de Ried foar de rjochtspraak offisjeel foardroegen by de minister fan justysje ta foarsitter fan it gerjochtbestjoer fan de rjochtbank. Se folget Daan Keur op, dy't yn augustus ôfrûne jier ophâlde.
Van de Schepop wurket no noch as koördinearjend rjochter-kommissaris by de rjochtbank yn Den Haach. Se begûn har karriêre yn 1991 as stêfjurist by de ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat.