Súdwest-Fryslân praat oer oanpak binnenstêd Snits

Bewenners, ûndernimmers, bestjoerders en meiwurkers fan de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe tiisdeitejûn praat oer in plan foar de oanpak fan de binnenstêd fan Snits. De diskusjes foarmje ûnderdiel fan in wiidweidich petear mei de befolking dat úteinlik yn 2020 resultearje moat yn in nij omjouwingsplan foar de Snitser binnenstêd.
Yn de sesjes fan tiisdeitejûn yn it teäter fan Snits kamen tema's op tafel sa as feiligens, ferkear, soarch foar de monuminten, de kombinaasje fan hoareka en winkeljen, behâld fan de belibbing en plak foar jongeren.
De praatgearkomsten binne ek bedoeld om it demokratysk gehalte fan de beslútfoarming te fergrutsjen.