Skûlenboarch ferdield troch stikkene brêge

De skansearre brêge by Skûlenboarch soarget foar in twadieling yn it buorskip. De brêge tusken Jistrum en Eastermar kin al in wike net brûkt wurde. Ferline wike botste in frachtskip op de brêge, wêrtroch er net mear ticht kin. En no skiedt it PM-kanaal it buorskip. Ferfelend foar omwenners, want dy moatte fiif kilometer omride, omfytse en omrinne.
Rykswettersteat hat ôfrûne moandei mei dûkers in ynspeksje hâlden. De resultaten wurde no besjoen. Nije wike komt Rykswettersteat mei in planning foar it reparaasjewurk.