Gordykster jout syn mem in kopstjit en krijt in taakstraf

© ANP
In man fan De Gordyk hat in taakstraf fan 80 oeren en in moanne selstraf ûnder betingst krigen, omdat er syn mem in kopstjit jûn hat. De man wie dronken doe't dat barde. Syn mem lei al op bêd doe't er ynienen njonken har bêd stie. Se naaide út, mar hy kaam efter har oan en stompte doe mei syn holle tsjin dy fan har.
Tsjin de rjochter sei er dat er har oankrûpe woe, mar dat it troch de drank wat oars rûn. De man komt njonken syn straf ek ûnder tafersjoch fan de reklassearring.