Samenloop voor Hoop Snits-SWF smyt 200.000 euro op

Dielnimmers oan de SamenLoop voor Hoop yn Dokkum © Omrop Fyrslân, Remco de Vries
De Samenloop voor Hoop Snits-SWF hat úteinlik 200.000 euro opsmiten. De opbringst wie 182.000 euro, mar bedriuwen, dielnimmers en de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe der twa ton fan makke. De organisaasje fan it evenemint is neffens de gemeente in foarbyld fan hoe't de mienskip wurket. It jild is bedoeld foar ûndersyk nei kanker.
De Samenloop waard yn septimber hâlden op it Feemerkplein yn Snits. De folgjende Samenloop is yn 2020.