Fakbûn FNV hâldt polityk debat yn ferbân mei ferkiezings
Fakbûn FNV organisearret trije politike debatten yn it Noarden yn ferbân mei de Twadde Keamerferkiezings. No tongersdei is der in debat yn sealesintrum Tivoli yn Ljouwert. Dêrfoar hawwe harren de partijen CDA, Christenunie, SP, PvdA, VVD, SGP, 50 plus en Nieuwe Wegen oanmeld. De diskusje giet oer saken lykas flekswurk en echte banen en gelikense beleanning foar itselde wurk. Oare tema's binne: besunigings yn 'e soarch, AOW en pensjoen. De debatten binne ek fergees tagonklik foar net-FNV-leden.
Tiisdei is it yn Grins en woansdei yn Emmen.