Reüny foar wurknimmers gemeente Littenseradiel

It gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels © Janny Dijkstra
De gemeente Littenseradiel hâldt per 1 jannewaris 2018 op te bestean en dêrom organisearje se yn desimber in reüny foar âld-wurknimmers. Dy is bedoeld foar elkenien dy't tusken 1984 en no by de gemeente wurke hat. Yn 1984 ûntstie Littenseradiel út in fúzje fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel.
De reüny wurdt hâlden op 15 desimber yn it gemeentehûs yn Wommels. Opjaan kin by de gemeente.