Springruter Houtzager wint Grutte Priis fan Drachten

Marc Houtzager by de Grutte Priis fan Drachten © Digishots
Springruter Marc Houtzager hat snein de Grutte Priis fan Drachten wûn. As lêste fan acht starters ried de Rouvener mei Sterrehof’s Calimero de rapste tiid. Syn frou Julia Kayser waard fjirde.
Acht ruters diene mei oan de barraazje. it slútstik fan twa wiken ynternasjonale springsport yn Drachten. De Dútser Felix Hassmann gie lange tiid oan kop, oant Houtzager as lêste hast in sekonde ûnder syn tiid dûkte. De Switser Adrian Schmid waard mei Alcazar Sitte tredde. Leopold van Asten wie de twadde Nederlanner yn de barraazje. Hy waard sechsde.