Plysje trappearret drugsdealer yn Ljouwert

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn yn Ljouwert in drugsdealer betrape. Op de Coopmansstrjitte seach de plysje in auto op hege snelheid foarby ride. Nei in kontrôle fan it kenteken die bliken dat de eigener yn it plysjesysteem stie fanwegen drugsoertredings.
Plysjeminsken hawwe de bestjoerder folge. Hy makke ferskate kearen in koarte stop, wêrby't minsken koart by him yn de auto stapten. Om't de plysje tocht dat de man drugs dealde, is er op de Schoolstrjitte oan de kant setten.
Yn de auto fûn de plysje hast 20 gram kokaïne, wikkels mei wyt poeier, lege wikkels, in brok hash en hast 1000 euro oan kontanten. Yn de wenning fan de man, in 22-jierrige Ljouwerter, waard nochris hast 5500 euro oantroffen.