Dichter Arjan Hut presintearret nijste bondel Aurora

De Fryske dichter Arjan Hut hat sneontejûn syn fjirde bondel Aurora Bossa Nova presintearre. Dat wie yn it Gitaarhûs oan it Hearewaltsje yn Ljouwert. Njonken de dichter droegen ek Elske Kampen en Sigrid Kingma foart eigen wurk. Martin Pals fan it Gitaarhûs soarge foar de muzikale begelieding. Aurora Bossa Nova ferskynt op papier, mar ek as multimediale e-bondel mei de gedichten yn audio.
Hut wie earder stedsdichter fan Ljouwert. Guon fan syn gedichten binne te beharkjen op it iepen audioplatfoarm Soundcloud.