Ynauguraasje Donald Trump "wie dreech om nei te sjen"

Donald Trump © ANP
"Ik fûn it hiel dreech om nei te sjen", fertelt Amearika-watcher Bianca Pander fan De Jouwer. Se hat it dan fansels oer de ynauguraasje fan Donald Trump. Hy is freed yn Washington beëdige as de 45e presidint fan de Feriene Steaten.
It wie it momint dêr't supporters fan Trump op wachte hawwe. Einliks is harren foarman offisjeel de presidint fan Amearika. Dochs wie der ek protest, want net elkenien is wiis mei presidint Trump.
Lykas Pander dus. Sy hat yn de ferkiezingsstriid ek meiholpen by de kampanje fan Trumps tsjinkandidaat Hillary Clinton fan de demokraten. "Ik fyn it echt hiel dreech. Hy sketst sa'n donker byld fan de wrâld. In byld dêr't ik my net yn herken. En mei my ek in hiel soad oaren."
Traap nei
Pander hie hope dat Trump yn syn ynauguraasjespeech ferbiningen lizze soe, mar dat siet der neffens har net yn. "Hy joech Obama noch in traap nei. Hy sketste ek gjin belied, gjin fisy. Hy rôp allinnich dat neat goed wie en dat hy alles better meitsje sil." In byld dat boppedat neffens Pander net kloppet. "Trump seit dat alles de ôfrûne jier allinnich mar minder wurden is. Mar dat is net sa. De wrâld, en ek Amearika, is de lêste jierren riker en feiliger wurden."
De Jouster hat no har hoop fêstige op it parlemint en de senaat fan de Feriene Steaten. "Ek al ha de republikeinen yn beide huzen in mearderheid, ik hoopje dat se it Trump hiel dreech meitsje sille. De senatoaren en parlemintsleden ha ommers ek in achterban dêr't se nei lústerje moatte."