Learlingen betinke maatregels foar brânfeiligens

In earmbân dy't trillet wannear't der brân útbrekt: it is samar ien fan de ideeën fan learlingen fan it CSG Liudger yn Drachten om wenningbrannen te beheinen. HAVO-VWO learlingen fan it technasium op dy skoalle dogge mei oare Technasium-skoallen mei oan de Technasium Brandweer Award.
In skoalle mei ien team stjoere dy't de skoalle fertsjinwurdiget. De brânwacht fan Drachten kaam freed del om as sjuery harren oardiel te jaan oer de projekten dy't de learlingen betocht hawwe.
Doel is om mei in idee te kommen dat 65-plussers helpe kin har flugger yn feilichheid te bringen by in brân. Ein maart moat dúdlik wurde hokker skoalle wûn hat.