UPDATE: Ferwûne by iensidich ûngelok by Easterein

Ungelok by Easterein © CAMJO Media
By in iensidich ûngelok op de Wynserdyk by Easterein is freedtemiddei in autobestjoerder ferwûne rekke. De auto fan de 21-jierrige man út Reahûs bedarre troch noch ûnbekende oarsaak op de kop yn de sleat njonken de dyk. In groep hurdfytsers seach de auto en warskôge de helptsjinsten.
Foar it ûngelok waard in traumahelikopter oproppen, mar de man is úteinlik mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't er der oan ta is, is noch ûnbekend.