Cambuur hellet Stefano Lilipaly fan Telstar binnen

Stefano Lilipaly © Dijks Fotografie
Sportklup Cambuur hat der in nije oanwinst by foar takom seizoen. De 27-jierrige middenfjilder Stefano Lilipaly hat in kontrakt tekene by de Ljouwerter klup foar twa seizoenen. Lilipaly komt oer fan Telstar. Dêrfoar spile er foar ûnder oare FC Utrecht, Almere City en by in Japanske klup. Ek spilet er foar de Yndonezyske nasjonale fuotbalploech.
Technysk direkteur Gerald van den Belt is bliid mei de nije oanwinst: "We volgen Stefano al langer en kennen zijn kwaliteiten. Het is een moderne middenvelder, die zowel aanvallend als verdedigend zijn mannetje staat. Hij past met zijn karakter en winnaarsmentaliteit bovendien goed bij onze club."