FIDEO: Fakânsjesfear op kampearbeurs Caravana

De simmer is noch net yn sicht, dochs kin je yn it WTC Expo al folslein yn de fakânsjesfearen komme. Fan tongersdei oant en mei nije wike tiisdei wurdt dêr de grutste kampearbeurs fan Nederlân hâlden: de Caravana. It is de 57e edysje fan it evenemint en Ljouwert is al 12 jier de gasthear fan de kampearbeurs. De Caravana is ek dit jier wer folslein folboekt mei 400 standhâlders. It tema dit jier is 'proef de vrijheid'. Ferline jier kamen der sa'n 48.000 besikers op de beurs ôf. De organisaasje hopet dit jier op 50.000 minsken.