Doarp Ternaard hurd troffen troch de krimp

It tal ynwenners yn Fryslân sakket hurder as tocht. Mar yn hast net ien doarp rint it tal sa hurd werom as yn Ternaard. It doarp leit midden yn in krimpregio en wurdt dêr it hurdste troffen. Yn 2017 binne der 25 ynwenners minder as yn jannewaris ferline jier. Dochs binne se yn it doarp net yn mineur. "It binne mar siferkes'', seit foarsitter Jan de Graaf fan doarpsbelang.
De delgong is neffens him te witen oan de takomstige sluting fan soarchsintrum Spiker. Dochs begjinne se yn Ternaard te fernimmen dat de krisis foarby is. Der is romte foar in bedriuweterrein. Jierren lang barde der neat, mar no begjinne ynteressearden har wer te melden.