Wurkstraf foar drankrydster (49) út Makkum

Rjochter © Omrop Fryslân
In 49-jierrige frou út Makkum is tongersdei troch de plysjerjochter feroardiele ta tweintich oeren wurkstraf foar it riden ûnder ynfloed. Ek hat se ûnder betingst in rydferbod krigen foar seis moannen. De frou brocht yn oktober 2015 in besite oan in fuotbalwedstriid yn it Abe Lenstrastadion. Dêr hie se tefolle dronken, mar dochs stapte de 49-jierrige nei ôfrin yn har auto.
Dat gie mis doe't se útparkearje soe, want se rekke in oare auto. De plysje kaam letter ek te plak en woe de frou meinimme nei it buro. By de oanhâlding fersette se har sa stevich, dat se no noch lêst hat fan har earm, sa seit de Makkumer.