Nij kultuerbelied pakt min út foar museum Hearrenfean

Museum Hearrenfean moat it mei 65.000 euro minder dwaan en museum Belvédère yn Oranjewâld krijt jierliks 30.000 euro ûnder betingst dat ek de provinsje meibetellet. Dat stiet yn it nije kultuerbelied fan de gemeente Hearrenfean. De gemeente jout jierliks trije miljoen euro út oan kultuer. Ferantwurdlik wethâlder Hans Broekhuizen wit dat it in toer wurdt foar museum Hearrenfean om safolle jild yn te leverjen.
It eardere museum Willem van Haren krijt no noch jierliks 165.000 euro fan de gemeente om de kultuerhistoarje fan Hearrenfean sjen te litten. Boargemaster en wethâlders wolle dat der in grutter publyk berikt wurdt troch it ferhaal fan Hearrenfean op in wize te fertellen dat better by dizze tiid past.
Foar museum Belvédère jildt dat sy dit begruttingsjier fan sawol de provinsje as de gemeente foar ien kear 50.000 euro krigen ha. Om it strukturele tekoart op harren begrutting te dekken, is der neffens Broekhuizen noch in grutte bydrage nedich fan de provinsje. Belanghawwenden kinne de kommende tiid ynsprekke op it nije kultuerbelied fan de gemeente.