Easterwâldster jout klappen

De plysje hat sneintejûn yn Sigerswâld in 31-jierrige man út Easterwâlde oanhâlden. De man soe in 38-jierrige Amsterdammer slein hawwe neidat de twa spul krigen yn it ferkear.
De man út Easterwâlde is oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr is proses-ferbaal opmakke.