IM giet yn berop tsjin straf yn saak deadlik ûngelok Jirnsum

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin de 19-jierrige man dy't yn april ferline jier by Jirnsum in deadlik ûngelok feroarsake. By it ûngelok kaam in 14-jierrich famke út Aldehaske om it libben. Trije oare ynsittenden rekken swierferwûne. De rjochtbank hat him feroardiele ta in jier finzenisstraf ûnder betingst, in taakstraf fan 240 oeren en hy mei trije jier net autoride. It IM giet no yn berop tsjin dy útspraak om't se de straf net genôch fynt.
Tjalling van der Goot, advokaat fan de Jirnsumer, fynt it spitich dat it heger berop oantekene is, benammen ek omdat er tinkt dat de rêst yn it doarp net ta goede komme sil.