Jorrit Bergsma: "Ik hie hjir echt wol myn sinnen op set"

"It belangrykste is dat ús team wûn hat, mar ik hie it leafst sels yn dy posysje sitte wollen", seit Jorrit Bergsma nei ôfrin fan de maraton op natueriis dy't woansdei yn Noordlaren ferriden waard. "Ik hie wol de fuotten en fielde my goed. It peloton moat it je gunne, ik kaam wol in pear kear los mar waard hieltyd weromriden. Doe't Simon en Bob yn de kopgroep rieden, koe ik wat stilhâlde. We moasten ús ôfsakje litte fan coach Jillert Anema. Ik baal wol want ik hie hjir echt wol myn sinnen op set, mar ús ploech hat wûn."
Bob de Vries
Bob de Vries wûn earder twa kear yn Noordlaren. Dizze kear waard er sânde, mar is er bliid dat syn ploechgenoat Schouten wûn hat. "De afspraak was dat ik vandaag het vuile werk zou doen zodat Simon het kon afmaken. Het was een mooie wedstrijd, natuurijs blijft speciaal. Ik had niet verwacht dat het zo druk zou zijn."
Peloton
De Fryske reedriders bedarren woansdei njonken it poadium by de maraton op natueriis yn Noordlaren. It peloton fan 68 riders bleau lange tiid byinoar, en it wie dreech foar de riders om derút fuort te riden. Uiteinlik kaam der in lytse kopgroep fan njoggen man, mei hjiryn Bob en Bart de Vries. Bob de Vries kaam as sânde oer de finish en Bart de Vries as njoggende. Yn de einsprint wie Simon Schouten te rap foar de rest. Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga sieten yn it peloton.