Sjauffeurs Dokterswacht fiere aksje

In groep sjauffeurs fan de Dokterswacht hat tiisdeitemiddei op It Hearrenfean in petysje oanbean oan direkteur Groeneveld fan Dokterszorg Fryslân. De sjauffeurs easkje fan de Dokterswacht dat se oan it wurk bliuwe kinne tsjin gelyk salaris en gelikense rjochten. It ynkommen en de rjochten fan de 31 sjauffeurs steane bot ûnder druk no't it ferfierskontrakt op 1 maart oergiet fan Kijlstra nei it Wite Krús.
Minder lean
It Wite Krús biedt de sjauffeurs oant no ta allinnich in jierkontrakt oan. Ek finansjeel geane de sjauffeurs der bot op achterút; gemiddeld wol sa'n 25 prosint. Op advys fan de fakbûnen CNV en FNV wegerje de sjauffeurs oant no ta om dat nije kontrakt te ûndertekenjen. Omdat it Wite Krús it wurk krige nei in ûnderhânske oanbesteging, soe it bedriuw net ferplichte wêze om de sjauffeurs, dy't no yn fêste tsjinst binne, ek in fêst kontrakt te jaan.
Húsdokters solidêr
Ut it nije oanbod fan it Wite Krús sprekt net folle wurdearring foar it ferantwurdlike en spesjalistyske wurk fan de dokterswachtsjauffeurs, sa seine de aksjefierders tiisdei tsjin direkteur Groeneveld fan Dokterszorg Fryslân. De Fryske húsdokters binne solidêr mei de sjauffeurs fan de Dokterswacht en stypje harren aksje. In delegaasje fan de húsdokters bea dêrom hantekens fan 250 fan de 300 Fryske húsdokters oan.
Neitinke
Direkteur Groeneveld fan Dokterszorg Fryslân sei tsjin de sjauffeurs dat er in pear dagen neitinke wol oer harren easken. De sjauffeurs beriede harren yntusken op mooglike oare kreative aksjefoarmen. De sjauffeurs fan de Dokterswacht sille net stake, want dat mei net. It ultimatum fan de sjauffeurs oan de Dokterswacht rint ôf op 24 jannewaris.