"Fryslân moat fertsjintwurdigers ha yn jeugdwetterskip"

Der moat ek in Fryske delegaasje yn it jeugdwetterskip komme. De partij Water Natuurlijk-Geborgde Natuur fan it Wetterskip Fryslân hat dêr fragen oer steld oan it deistich bestjoer, omdat it Wetterskip Fryslân as iennichste net fertsjintwurdige is yn dat jeugdwetterskip. It giet dan om jongerein tusken de 14 en 18 jier.
Neffens de partij is it in goede mooglikheid om it Wetterskip mear nammebekendheid te jaan en jongeren te ynteressearjen foar it wurkjen by in wetterskip.