KNRM hat ferline jier mear minsken en bisten rêden

Meiwurkers fan de KNRM binne ferline jier 2.349 kear yn aksje kommen en dêrmei ha se hast 4.000 minsken en sa'n 100 bisten holpen of rêden. It tal rêdingsaksjes is in bytsje tanaam yn ferliking mei it jier dêrfoar.
De Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij moast faker fan it strân ôf yn aksje komme. Op it wetter rekken benammen boaten yn swierrichheden troch navigaasjeflaters en motorproblemen. De drokste rêdingsstasjons wienen op It Amelân en Hylpen en op trije oare plakken yn Nederlân.
De KNRM is finansjeel ôfhinklik fan jeften. De organisaasje krige der ferline jier 9.500 partikuliere stipers by. Mei elkoar binne der 93.813 stipers.