Psychiaters GGZ draaie sneinstsjinst út protest

GGZ Fryslân © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Sa'n 35 psychiaters fan de GGZ-Fryslân draaie tiisdei út protest sneinstsjinsten. De psychiaters binne foar needgefallen beskikber. Pasjinten fernimme dêrom net in soad fan de aksje. De psychiaters wolle kompensearre wurde foar in fersobering fan har pensjoenregeling. Dy nije regeling is yn de krisisjierren ynsteld. Yn oare sektoaren binne meiwurkers wol kompensearre. It stekt de psychiaters dat sy dy kompensaasje net krije.
It giet neffens GGZ-direkteur Adriaan Jansen om ryksbelied. ''Wij krijgen geen geld voor hogere pensioenen en wij hebben zelf niet de middelen om dat te compenseren.'' De pensjoenregeling is neffens Jansen ûnderdiel fan de kommende CAO-ûnderhannelings. Hy ferwachtet der dan wol út te kommen.