Kollum: "Wat is belangryk"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Der wie ris in kollega dy’t my frege wat ik fan al dy ynstjoerde stikken fan de lêste tiid oer de Fryske taal fûn. ‘Dy faak negative stikken,’ heakke er dêr slûchslim oan ta. Ik sei tjin him dat soks my de muoite fan it praat net wurdich wie. Net allinne omdat se ynhâldlik likefolle om it liif ha as Kim Holland yn in achtbaan, mar benammen omdat it altyd op itselde útdraait, nammentlik it jild. De lamentaasjes fan de anty-Friezen ha altyd in ekonomyske útkomst.
Mei in lytse fariaasje op in útspraak fan Gandhi, kin men sizze dat men in beskaving ôfmjitte kin oan de wize wêrop’t dy mei kultuer omgiet. Sjoch bygelyks nei Islamityske Steat. Behalve it bedriuwen fan de meast barbaarske wreedheden ferniele se ek letterlik alles fan kulturele wearde. Gebouwen, bylden, geskriften dy’t harren net oanstean. It is it meast ekstreme foarbyld fan anty-beskaving, mar it helpt om it plaatsje dúdlik te krijen. Hoe giet in maatskippij dy’t pretindearret beskaafd te wêzen, mei kulturele diversiteit om? Wat is belangryk, en wat net?
It reinde, de kofje prottele en ik brocht it petear op Richard Kearney, in Ierske heechlearaar filosofy. Kearney stelt dat ferhalen fertelle like fûneminteel foar de minske is as iten. Fûneminteler eins, want iten hâldt ús yn libben, mar ferhalen jouwe dat libben wearde. Sy meitsje de minske ta wa’t er is.
Hy hat gelyk. De minske hat in narrative identiteit. Dat wol safolle sizze as: de minske is in ferteller, dy bestiet troch ferhalen. Elk minsklik bestean is in libben op ’e syk nei in ferhaal. Net allinne om’t de minske der nei stribbet in patroan te ûntdekken yn de deistige gaos en betizing, mar ek omdat elk minskelibben ymplisyt in ferhaal ynhat.
Der binne twa soarten ferhalen: feitlike (dy’t mei de histoarje te krijen ha) en fiksjonele. Tink by it earste bygelyks oan de ferhalen fan oerlibjenden fan de Holocaust. It twadde hat te krijen mei romans, poëzy, toaniel en film. Sokke fiksje bringt ús yn nij kontakt mei wierheden dêr't wy yn it deistich bestean fan losskuord binne, kinne ús it libben better begripe litte. Tusken dy beide is gjin echte skieding, earder in ferflechtsjen (tink oan de ferklearrings fan tsjûgen fan ûngemakken of oerfallen). Mar oft it no giet om fiksje of skiednis of in bytsje fan beide: ferhalen binne essinsjeel.
Wat dat te betsjutten hat docht bliken op mominten dy’t der ta dogge, lykas berte en dea. Ik moat de earste begraffenis noch meimeitsje dêr’t by de grêfkiste de beurskoersen foarlêzen wurde, of de provinsjale begrutting. Nee, op dy mominten sil men in gedicht hearre, it ferhaal fan de deade, muzyk dy’t wat oer him of har seit. As alle omballingen en uterlikheden fuortfalle bliuwt it meast wêzentlike oer. Dat is wat kultuer docht, dat is wat taal docht. Dat is foaral ek wat memmetaal docht."