Selstraffen easke foar gewelddiedige strjitrôf yn Grins

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin twa Ljouwerters fan 19 en 21 jier binne selstraffen fan in healjier easke troch de rjochtbank yn Grins. De twa wurde fertocht fan strjitrôf yn de stêd Grins. Ferline simmer soene se yn de Folkingestrjitte in man syn tas ûntstellen hawwe mei dêryn 720 euro. It slachtoffer waard skopt en slein.
In tsjûge fan de rôf koe ien fan de fertochten en warskôge de plysje. Dy fûn op de telefoan fan de fertochte whatsappkes mei foto's oer de gewelddiedige oerfal. Der is ek in skeafergoeding en in kontaktferbod easke.
It slachtoffer kaam derfoar wei mei blauwe plakken. De rjochter docht op 30 jannewaris útspraak yn dizze saak.