Oosenbrug listlûker Nieuwe Wegen, Monasch twadde op list

Jacques Monasch hat moandeitemiddei om 16.00 oere syn kandidaten foar de politike partij Nieuwe Wegen presintearre yn Den Haag. Listlûker fan de partij en nûmer ien op de list is Alfred Oosenbrug. Monasch, dy't fan Snits komt, stiet op nûmer twa. De heechste Fries nei Monasch sels, is David de Jong fan Drachten. Hy stiet op nûmer 15.
Monasch ferliet yn novimber de PvdA-fraksje, omdat er him net mear fine koe yn de stânpunten fan de partij. Mei Nieuwe Wegen wol er ûnder oare in sosjalere ekonomy en in stranger ymmigraasjebelied. Earder dizze moandei waard al bekend dat er net sels listlûker wurde soe.