Doar fan plysjeburo Easterwâlde alwer fernield

© Twitter @filip_bahlmann
De tagongsdoar fan it plysjeburo yn Easterwâlde is ôfrûne wykein foar de twadde kear yn in wike tiid fernield. In ûnbekende hat stoeptegels tsjin de ruten smiten. Dy rekken swier skansearre.
Ferline wike waard nei de earste fernieling in 30-jierrige frou út Easterwâlde oanhâlden. De frou wie earder oppakt omdat se hyltyd it alarmnûmer 112 belle. De plysje naam dêrnei har telefoan yn beslach. Beide kearen wie de frou ûnder ynfloed fan alkohol.