Kuorballers LDODK sette DSC yn de twadde helte oan de kant

De kuorballers fan LDODK ha sneintemiddei yn de kuorbal league mei 28-20 wûn fan DSC út Eindhoven. In úteinlik romme oerwinning, mar dêr seach it earst net nei út.
Nei in muoisume earste helte gie de ploech út De Gordyk mei in lytse foarsprong fan 10-9 oan de tee. Nei it skoft sette de ploech fan trainer Erik Wolsink lykwols de turbo oan en waard it hast ienrjochtingsferkear nei de koer fan DSC. Oan de hân fan topskoarders Erwin Zwart, Femke Faber en Jurjen Bosma (elk 5 treffers) rûn LDODK út nei de einstân fan 28-20.
LDODK stiet no twadde yn de kuorbal league en leit dermei noch hieltyd op koers foar in plak by de earste fjouwer.