Kerst Wind wint Iepen NK survivalrun

Kerst Wind (39) fan Eastersee hat sneintemoarn de Iepen Nederlânske titel survivalrun oer 13 kilometer wûn. Wind die 1 oere, 25 minuten en 20 sekonden oer de ôfstân. Achter Wind pakte Dinant Huurneman fan Winterswyk it sulver, Barend Westervelt út Aalten pakte it brûns.
By de froulju wûn ek in Friezinne: Lisan de Vries út Noardburgum. Se wie in heale minút rapper as Lenneke de Vries fan It Hearrenfean.
Op it parkoers fan 13 kilometer yn it Drintske Westerbork moasten dielnimmers 49 hindernissen oerwinne. Der stiene sa'n 1200 dielnimmers oan de start. Dielnimmers koene kieze út in ôfstân fan 5, 9 of 13 kilometer. Allinnich op de langste ôfstân wie in nasjonale titel te fertsjinjen.