Goud en brûns foar Nederlânske ôflossingsploegen op EK

De Nederlânske manlju binne yn Turijn Europeesk kampioen wurden op de ôflossing. Yn in spannende finale stride Nederlân mei Ruslân om it goud, nei't in Hongaar ûnderút gie. Ruslân lei lang op kop, mar Sjinkie Knegt helle it goud op it lêste momint binnen foar Nederlân.
De frouljusploech wûn brûns op de ôflossing. Rianne de Vries, Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven koene harren net minge yn de striid om it goud. Dy gie tusken Italië en Hongarije en waard krekt wûn troch de Italiaansen.
Suzanne Schulting die net de folsleine wedstriid mei. Se rekke sneon blessearre oan har earmtakke yn de heale finale fan de ôflossing en moast foar kontrôle nei it sikehûs. Boppedat wie se griperich. Se die snein net mear mei oan it yndividuele toernoai, mar ried dus wol de ôflossing.