Twa minsken ferwûne by ûngelokken Snits

De skansearre auto wurdt fan de rûnwei ôfhelle © CTB Fotografie
By twa ûngelokken yn Snits binne sneintemoarn minsken ferwûne rekke. It earste ûngelok wie oan de Alde Oppenhuzerwei. In autobestjoerder waard net goed, en ried tsjin in beam. De bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
It twadde ûngelok wie op de oprit fan de rûnwei nei De Jouwer ta, by de wyk Duinterpen. In auto rekke yn de slip en kaam tsjin de fangrail. Dêr rekke ien persoan by ferwûne oan it skouder.