Fryske PvdA besoarge oer plak Oosterbaan op ferkiezingslist

By de Fryske PvdA libje wol wat soargen oer it tweintichste plak fan Christa Oosterbaan fan Skylge op de list fan de Twadde Keamerferkiezings. Dat die freed bliken op de nijjiersresepsje fan de Fryske PvdA yn Post Plaza yn Ljouwert. Dit wykein hâlde de sosjaaldemokraten har ferkiezingskongres. Der wurdt rekken mei hâlden dat ôfdielingen fan kandidaten dy't wat leger op de list steane, besykje sille om it plakje fan Oosterbaan 'oan te fallen'.
Fryske PvdA'ers kinne dat plak op de list dan wer ferdigenje troch massaal op Oosterbaan te stimmen. Dat kin op it ferkiezingskongres sels, mar ek online. Fryske PvdA'ers hawwe in spesjale WhatsApp-groep ynrjochte om de ûntwikkelingen op 'e foet te folgjen en elkenien te warskôgjen om op tiid te stimmen.
Net goed te foarspellen
Omdat it foar it earst is, dat de PvdA-list op dizze wike gearstald wurdt, is de útkomst fan it proses reedlik ûnfoarspelber. Foarsitter Korthof fan it Gewest Fryslân fan de PvdA giet der fan út dat it tweintichste plak goed wêze sil foar in plak yn de Twadde Keamer. De PvdA moat it dan yn maart wol in stik better dwaan as no yn de peilingen, want dy jouwe de partij tusken de 12 en 15 sitten.
Kampanje
Christa Oosterbaan sil de kommende wiken yntinsyf kampanje fiere. Oosterbaan wol yn alle gefallen alle PvdA-ôfdielingen yn Fryslân by del. Oosterbaan seit it belangryk te finen dat der in kear in ynwenner fan in Waadeilân yn de Twadde Keamer komt, want dat is reedlik unyk. Fierder wol se har yn de Twadde Keamer ynsette foar Fryslân, it klimaat en foar de seefeart.