Foppe de Haan wurdt assistint-bûnscoach
Foppe de Haan wurdt de nije assistint-bondscoach fan it Nederlânsk frouljusfuotbalalvetal. Hy wurdt de assistint fan Sarina Wiegman. De 73-jierrige Fries wie al sûnt de simmer as adviseur belutsen by it frouljusalvetal. It team is op dit stuit dwaande mei de tariedings op it EK, dat dizze simmer yn Nederlân hâlden wurde sil.
Der wie noch net sa lang sprake fan dat De Haan assistint-bûnscoach wurde soe, sa seit er sels. "Op 30 desimber haw ik in petear hân mei Sarina Wiegman en ferline wike ha wy tsjin elkoar sein: it giet troch!" De Haan sil op it fjild stean by trainingen en trainingskampen. "Ik help bygelyks mei taktyk en mei it trainen. Nije wike sille we tsien dagen op trainingskamp nei La Manga yn Spanje, dêr't SC Hearrenfean ek west hat."